Laurentien van Oranje & Lizzy van Pelt: Wurdkeunst. Reeks: Op it Poadium deel 1.

image009

Isbn: 9789085168027

Prijs: € 14,95

Uitvoering: gebonden

Oersetting: Lida Dykstra

Yllustraasjes en foarmjouwing: Marion Vrijburg

Formaat: 195 x 220 x 11 mm

Omvang: 88 pagina’s

Leeftijdsindicatie: vanaf groep 4

Dit is in boek foar wurdkeunstners of foar wa’t dat wurde wol! Wurdkeunst is de superkracht dy’tst hast om yn moaie wurden te sizzen watst tinkst en watst fielst. Yn dit boek lêst en learst hoe’tst dat dochst. Yn elk ferhaal sit wurdkeunst weistoppe, lykas rym, klam of metafoaren. In mei lym griemende keunstner, in loaie linkerskoech en in goede mop komme der trouwens ek yn foar en dat soarget foar in soad (foar)lêswille! Dit boek lêst net allinnich. It is in tëaterlêsboek dêr’tst mei-inoar út foarlêst. Sykje dyn eigen poadium en publyk en fiel dy in echte wurdkeunstner!

Mei-inoar tëaterlêze is mei in ploechje foarlêze oan in publyk. Do lêst tegearre foar mei in maat of freondintsje, mei mem of heit of mei bern út dyn groep. Of miskien wol pake of beppe wol meidwaan! By tëaterlêzen lêst foar mei it boek yn de hân. Hoechst gjin spesjale klean oan te lûken, of in achtergrûn te hawwen. It iennichste datst nedich hast, is dyn stim en in publyk fansels. Ferjit net nei ôfrin djip te bûgen. It applaus is foar dy!